Wy binne yn it lânhûs fan famylje Clayton, heech op ‘e rotsen fan in mar by Kanada. Ellen Clayton rekket fiif moanne lyn nei in slim autoûngelok ferlamme. Har heit John Clayton komt hjirby om it libben en lit har syn hiele fermogen nei. Dit jout in soad skeve gesichten. Ellen har heit hie te witten in nije, folle jongere frou. As Ellen konfrontearre wurdt mei in wol hiel nijsgjirrige nije partikuliere ferpleechster en in nije kreaze dokter, wurdt har libben behoarlik op ‘e kop setten. Wannear ’t de emosjonele spanning oprint, barre der ek noch hiele nuvere, tsjustere en spannende dingen. Dit liedt ta in misdriuw, dy ‘t mar lestich op te lossen liket..
De repetysjes binne al in pear wiken oan de gong. It wurdt in moai toanielstik fol spannende en emosjonele mominten! Meikoarten mear ynformaasje oer de kaartferkeap.
Toanielferiening 'Foar ús Wille' Hallum spilet op freed 14 maart, sneon 15 maart en snein 16 maart 2025 in spannende misdied toanielstik: MOARD OAN 'E MAR.