Uitgelicht
vrijdag 16 december 2022

Johan Talsma earste plak op koartebaanwedstriid Nijlemmer

2022-12-16 16:27:13

De 17-jierrige Johan Talsma út Hallum hat de koartebaanwedstriid op natueriis yn Nijlemmer wûn. Talsma rydt by Team Frysk, syn spesjalisme leit yn de sprint.

It koe net moaier

Nijlemmer hie tongersdeitejûn de primeur fan de earste koartebaanwedstriid fan dizze winter. It wie foar it earst sûnt 2018 dat dizze wedstriid trochgean koe.

Der wie in baan fan 160 meter útset. De wedstriid wie foar manlju boppe de 16 jier, der diene 43 manlju mei.

Talsma begûn as sporter ea mei turnjen en skeelerjen, mar gie troch yn it reedriden. Hy waard in kear tredde op it NK sprint, tredde op it NK ôfstannen mei de 500 meter en wûn de Sulveren Bal by de junioaren.

Franke Hoekstra fan it bestjoer fan IJsvereniging Nijelamer is optein. "It wie in prachtige jûn, in prachtige wedstriid, spannende ritten. It koe net moaier. En it waar siet ek noch mei."

Hoekstra fynt it ek moai dat der wer in nije generaasje riders is. "Yn de earste ronde sieten grutte ferskillen, mar de fierder wy kamen, de spannender it waard. Sy koene inoar oan. En jonge jonges, dêr't wy noch noait fan heard hiene, mar dy't ride koene."

Nije generaasje

Dat fûn it publyk ek geweldich, jout er oan. "De minsken wiene entûsjast en fûnen prachtich dat der wer oaren boppe kamen. Wy tochten, Jesper Hospes sil wol wer winne, mar dy lei der dochs út."

De minsken wisten it lytse doarpke te finen. "It hat dit jier noch noait sa drok west yn Nijlemmer as jûn. Folle mear folk as dat wy ferwachte hiene. Ik tink dat it komt om't wy yn gjin tiden gjin hurdriden hân hawwe", seit Hoekstra. "Mar as wy nei ús list sjogge, binne der noch genôch koartebaanriders. En sy hiene der ek aardichheid oan."


Wy binne grutsk op alle topsporters dy 't út Hallum komme, gean foaral sa troch!

Johan Talsma, fan herte lokwinske út namme fan Doarpsbelang Hallum.

Sjoch hjir foar Johan syn profiel op de webside van Team Frysk.
 

Dit niisberjocht is een kopy fan it nijsberjocht op de webside fan Omrop Fryslân: orizjinele berjocht der is ek in persoanlike reaksje fan Johan te hearren.


Naar overzicht